Hilda Talsma is jierren lyn begûn te skriuwen en hat ferskate kursussen dien. Mar de opfieding fan fjouwer bern mei de dêrby hearende húshâlding hie de prioriteit. No’t de bern grutter wurde en de tiid rûmer, hat se har skriuwen fierder untwikkele. Skriuwe fynt se it moaiste dat der is en se kin har der hielendal yn ferlieze. Yn har boeken stiet de minsk en de leafde yn al syn foarmen sintraal. Har motto is: Je binne wa’t je binne, net om wat je hawwe as wat je kinne. Elts minsk is wichtich en de dingen binne faak oars as dat je tinke. Yn 2011 ferskynde har earste roman De twadde hûd.
Yn 2012 it ferfolch Flammen, en it tredde diel It geloksbern seach it ljocht yn 2013.
Yn dizze trilogy binne de trije boeken fan Hilda Talsma oer it doarp Frisum bondele. It earste diel, De twadde hûd, begjint mei it ferhaal fan Elske, dy't tinkt dat in lytse poppe har libben kompleet meitsje sil. Dat kin lykwols net mei har man Sjoerd, want dy is ûnfruchtber. En dan stiet dy bekende âlde karavan op it merketerrein, mei har jeugdleafde Ronny. Yn it twadde diel, Flammen, is Elske dwaande mei de tariedings foar har houlik. Yn in opstiging freget se Betty om har tsjûge te wêzen. Dêr spuit har famylje raar guod fan, fanwege Betty har reputaasje yn it doarp. It wurdt yn mear as ien opsicht in ûnferjitlike dei. Yn it tredde diel, It geloksbern, stiet Betty sintraal. As Betty nei in lang ferbliuw yn it sikehûs wer thúskomt, wol se earst neat fan har freon Evert en dochter Ymkje witte. Elske besiket har wat op te fleurjen en ek har oare freonen dogge der alles oan om har te helpen. Betty begjint pas echt op te libjen as se tegearre mei har âlde leafde Hindrik in konsert fan De Hûnekop organisearret. Dit boek is geskikt foar in breed publyk: meinimmend, humoristysk en mei in oansprekkende styl. Hilda Talsma nimt de lêzer mei fleur en faasje mei yn it libben fan de ynwenners fan it moaie doarpke Frisum. In doarp lykas safolle oare doarpen yn Fryslân. De minsken hâlde wol fan in fersetsje, en as it dan feest is wolle de oars sa deeglike maskers noch wolris weifalle en wurdt der hjir en dêr flink bûten de stringen stapt. Dat leveret bytiden hilaryske sitewaasjes op, mar ek pynlike mominten, dy't foar elk werkenber binne.
Negatief, positief, neutraal: we zetten een review altijd online. We controleren wel eerst of ’ie voldoet aan onze reviewvoorwaarden en niet nep is. We controleren ook of ’ie is geschreven door iemand die het artikel heeft gekocht via bol.com en zetten dit er dan bij. De controles gebeuren automatisch, al kijken er soms mensen mee. Bol.com betaalt niet voor reviews. Als een reviewer door een andere partij is vergoed, staat dit in de review zelf.
Negatief, positief, neutraal: we zetten een review altijd online. We controleren wel eerst of ’ie voldoet aan onze reviewvoorwaarden en niet nep is. We controleren ook of ’ie is geschreven door iemand die het artikel heeft gekocht via bol.com en zetten dit er dan bij. De controles gebeuren automatisch, al kijken er soms mensen mee. Bol.com betaalt niet voor reviews. Als een reviewer door een andere partij is vergoed, staat dit in de review zelf.
Ik heb van Hilda Talsma inmiddels de meeste boeken gelezen. Ik begon ooit met deze Frisum-verhalen. Het is de heerlijke sfeer van de Friese dorpen en het is met humor geschreven. Spannende en toegankelijke soaps, met soms een vleugje aangename erotiek. Ik heb ervan genoten en zie uit naar haar volgende boeken.
De prijs van dit product is 24 euro en 50 cent.24
50
Uiterlijk 30 mei in huis
Levertijd
We doen er alles aan om dit artikel op tijd te bezorgen. Het is echter in een enkel geval mogelijk dat door omstandigheden de bezorging vertraagd is.
Bezorgopties
We bieden verschillende opties aan voor het bezorgen of ophalen van je bestelling. Welke opties voor jouw bestelling beschikbaar zijn, zie je bij het afronden van de bestelling.